Home

Wurkwize


Ferskil coach en terapeut

It is net altyd nedich om fuortendaliks nei in terapeut ta te stappen. Stipe yn de foarm fan in tikje op it skouder om de goeie rjochting wer te finen kin foldwaande wêze.

Ik wurkje dus net oan de oarsaak fan de problemen, mar coach nei in oplossing foar de takomst. De oanpak is praktysk en koart en start fanút it 'hier en nu'. Meastentiids binne twa oant fiif ôfspraken foldwaande om wer fierder te kinnen.

Bern èn âlder

As it giet om fragen oer opfieding, sprekt it fansels dat jo as âlder(s) mei my prate sûnder dat jo bern der by is. By bernecoaching leit dit lykwols hiel oars. It is perfoarst net sa dat ik as coach in bern 'better' meitsje kin. Ik nim jo opfieding ek net oer. De âlden binne de deskundigen, ik kom allinnich mar efkes del en besykje wat ta te foegjen. Omdat it de bedoeling is dat de ferbettering thús trochgiet, binne jo dêrom as âlder yn prinsipe altyd oanwêzich tidens de coaching. Soks is net allinnich fijn en feilich foar jo bern, mar der kinne ek mienskiplike doelen/aksjes ôfpraat wurde. Eltsenien docht syn eigen part dat past by de problematyk en nimt dêr ek de ferantwurdlikens foar.


Oanmelding

Jo kinne jo bern en/of josels oanmelde troch tillefoanysk of middels in e-mail in ôfspraak te meitsjen. It is net nedich in ferwizing troch in hûsarts of in skoalle te hawwen. Nei de oanmelding skilje wy mei mekoar. Jo kinne de oanmelding taljochtsje en ik kin saaklike gegevens notearje. As it om it coachen fan jo bern giet prate wy ek ôf of't jo as âlder(s) earst noch in yntakepetear nedich fine of dat wy fuort los kinne mei de coaching.


Tal ôfspraken

Meastentiids is der nei twa oant fiif sessys al in soad feroare yn jo situaasje. Jo wurde trochferwiisd wannear't dêr oanlieding ta is of wannear't oare help better by jo helpfraach of dy fan jo bern past.


Ynspanning en ferantwurdlikens

Jo kinne fan my in ferplichting ta ynspanning ferwachtsje. Dit betsjut dat ik alle kennis, erfaring, fakkundichheid en professionaliteit ynsette sil. De besluten dy't jo foar josels en/of jo bern nimme, binne lykwols folslein jo eigen ferantwurdlikheid.


Gjin peteargenoat foar tredden

Ik praat net mei oaren oer de coaching. Dit betsjut dat ik net mei eks-partners, skoallen, dokters of oaren praat of oerlis. Ik wol jo wol helpe mei it tarieden fan sa'n petear.


Fraach of klacht

Ha jo in fraach of in klacht, nim dan kontakt mei my op, sadat der in oplossing fûn wurde kin foar jo situaasje. Op dizze wize kinne wy in konflikt foarkomme.


Frysktalich

Ik bin Frysktalich, dat ik kin bern en âlden sawol yn harren eigen Fryske as yn harren eigen Nederlânske taal begeliede.

Telefoonnummer Mail Locatie