Opvoedcoaching

Gonzo opfiedcoaching


Alden en bern binne net te skieden. Alden hawwe ferwachtings fan en oer harren bern. Hja hoopje dat it 'goeie' folwoeksenen wurde sille.

Nei alle gedachten is positive oandacht jaan de belangrykste ûntwikkeltaak fan âlden. Dêrnjonken moatte hja soargje foar optimale betingsten wêryn't harren bern har ûntwikkelje kinne. De measte âlden giet it soargjen en beskermjen goed ôf, mar foar in part fan de âlden is it jaan fan in regelmjittich libben mei struktuer, regels en grinzen in stik dreger. Boppedat komme der frustraasjes en teloarstellings op harren paad. Bern sille ek leare moatte om te gean mei de swierrichheden dy't no ienris by it libben hearre.

De iene âlder fynt it makliker om heit of mem te wêzen as de oare. Foaral as der problemen ûntsteane, kinne guon it gefoel krije dat hja gjin goeie âlden binne om't hja net witte hoe't hja de problemen fan harren bern oanpakke kinne. It kin dan swier fiele om heit of mem te wêzen.

Jo kinne my ynskeakelje as jo fragen ha oer:

• dúdlik en konsekwint wêzen
• in ferskillende oanpak ha as âlden
• rûzjes tusken broerkes en suskes
• it ligen fan jo bern
• it net nei skoalle ta gean fan jo bern
• oare problemen op skoalle
• it helpen fan jo bern as jo yn skieding lizze
• it helpen fan jo bern by it siik wêzen of ferliezen fan in dierber persoan

Fansels binne alle foarbylden neamd ûnder Gonzo bernecoaching ek fan tapassing.

It kin in ferlichting wêze ris mei immen oer jo problemen prate te kinnen. Ik kin goed harkje. Dêrnjonken sil ik fansels oer alle boegen besykje praktyske stipe en perspektiven te jaan, passend by jo situaasje.

Telefoonnummer Mail Locatie