Kontakt


Myn namme is Gonnie Hoekstra en ik wenje yn it buertskip Sumarreheide, by it doarp Sumar. Fan 1979 ôf jou ik les yn it basisûnderwiis, hieltyd fanút in bernrjochte, pedagogyske fyzje. Ik bin nammentlik fan miening dat oandacht it belangrykste is dat in bern nedich hat, positive oandacht. Hy moat it gefoel ha dat er sjoen en heard wurdt en dat er der ta docht. Soms hat in bern dat gefoel lykwols in skoftsje net. Dan sykje wy tegearre nei in oplossing foar de takomst, sadat er wer fierder kin.

Ek neist myn ûnderwizersbaan wol ik graach bern en âlden helpe om 'dat lytse stapke foarút' te meitsjen. As it libben efkes net sa lekker ferrint, kin ik miskien dat triuwke jaan. Ik doch dat graach! Skilje my of mail my, dan kinne wy earst even besjen wat ik mooglik foar jo betsjutte kin.






Gonnie
Telefoonnummer Mail Locatie