Ik leer leren

Ik leer leren


Elts bern kin leare om te learen.

Leare is kompleks. Foar elts bern dat te meitsjen krijt mei learen, is it bot nedich om te witten hoe't hy leare moat.

De 'Ik leer leren' training is in spesjaal ûntwikkele program foar bern, dy't makliker, tûker en effisjinter leare wolle.


Foar wa?

It program is geskikt foar:
• bern fan groep 7 fan de basisskoalle ôf
• brêgeklassers
• jongerein yn it fuortset ûnderwiis
• 'hoogbegaafde' bern
• bern mei konsintraasjeproblemen
• bern mei 'faalangst'
• bern mei motivaasjeproblemen
• bern wêrfan 't de âlden en learkrêften sizze: 'Der komt net út wat der yn sit'
• bern dy't net goed meikomme kinne
• bern dy't 'it' thús wol kinne, mar op skoalle alles fergetten lykje te wêzen
• bern dy't muoite mei struktuer en organisaasje hawwe


De ynhâld fan it program 'Ik leer leren'

It program bestiet út fiif wyklikse byienkomsten fan elk ± oardel oere. Eltse byienkomst hat in eigen tema.

Les 1   De doelen fan de training fêststelle en ûntdekke fan de eigen learfoarkar.
Les 2   Leare om te gean mei 'faalangst' en strategyën foar motivaasje.
Les 3   Leare te plannen en te organisearjen en leare hoe'st dingen ûnthâlde kinst.
Les 4   Leare te konsintrearjen.
Les 5   Leartechniken op it mêd fan taal, rekkenjen en symbolyk.

Wurkboek

By dizze training is in wurkboek makke, wêryn't deselde ûnderwerpen oan'e oarder komme as yn de fiif lessen fan de training. Der steane in hiel soad tips yn oer it oanpakken fan konsintraasjeproblemen, 'faalangst', motivaasje en it plannen fan hûswurk. Boppedat steane der foar alle probleemgebieten oefeningen en tests yn om te ûntdekken hoe't jo bern leart en hoe't er it learen handiger oanpakke kin. Nei elts ûnderwerp is der romte foar in aksjeplan, sadat der in oanpak ûntstiet dy't kâns fan slagjen hat. Der is ek oan ûntspanning tocht, sadat jo bern leart hoe't er him ynspanne èn ûntspanne kin. Foar jo as âlden is it goed te dwaan om middels dit wurkboek tegearre mei jo bern ûntdekkingen te dwaan oer syn learen, sadat jo him hjirby stypje kinne.

Home

Ferskil 'Ik leer leren' en hûswurkbegelieding

It ferskil mei hûswurkbegelieding is dat 'Ik leer leren' bern leart hokker betingsten der nedich binne om leare te kinnen. Hûswurkbegelieding giet foaral om de ynhâld fan de fakken, 'Ik leer leren' giet oer hoe te learen. De training helpt, njonken 'beelddenkers' en fisueel rjochte bern ek bern mei oare learstilen troch it ûndersykjen fan ferskate wizen fan learstyl en learfoarkar.


Trije manieren

Der binne trije manieren om de training te folgjen:
1. in groepstraining: der wurdt wurke yn groepkes fan op syn meast 6-8 bern.
2. in yndividuele coaching.
3. in kombinaasje fan groeps- en yndividuele coaching: ûnder de groepstraining signalearje ik in soad oer in bern; it is mooglik om neist de groepstraining in yndividuele coaching te folgjen om djipper op in blokkade of soksawat yn gean te kinnen.


Skoallen

Foar skoallen kin ik in training op maat jaan. Yn oerlis mei de learaar/mentor stel ik in plan fan oanpak op. Troch groepspetearen, oefeningen en tips sille de bern letter mei mear wille en selsfertrouwen nei skoalle ta gean. Alle trainingen sille evaluearre wurde mei de learaar/mentor. Foar skoallen jildt in spesjaal taryf. Dat hinget ôf fan de training en it tal learlingen. Binne jo as skoalle ynteressearre yn sa'n training, nim dan frijbliuwend kontakt mei my op.

Ik leer leren

Sertifisearre trainer

De training wurdt jûn troch spesjaal dêrfoar oplate en sertifisearre trainers, dy't in berop ha wêryn't hja erfaring opdien ha mei it omgean mei en it learen fan bern. Sûnt 2013 bin ik in sertifisearre trainer.

Ha jo it gefoel dat dizze 'Ik leer leren' training jo bern helpe sil om mear idee te krijen oer syn learen, nim dan kontakt mei my op.

Telefoonnummer Mail Locatie