Gonzo coaching


Wolkom op'e webside fan Gonzo coaching. Myn namme is Gonnie Hoekstra en ik coach/begelied âlders en bern dy’t tydlik wol wat stipe brûke kinne by ferskate problemen.

Gonnie

Hiel faak is it net nedich om mei de problemen nei in terapeut te gean. In tikje op it skouder kin genôch weze, rjochte op feroaring en ferbettering. Ik hâld my net dwaande mei de oarsaak fan de problemen. It giet my derom mei in oplossing te kommen foar de takomst.

It útgongspunt is it ‘hier en nu’ en meastal binne twa oant fiif ofspraken foldwaande om wer fierder te kinnen. Foar fragen en/of frijbliuwende ynformaasje kinne jo altyd kontakt mei my opnimme

Gonnie Hoekstra

Telefoonnummer Mail Locatie

Gonzo bernecoaching


In bern moat in hiel soad leare foardat er folwoeksen is. Hy moat leare om syn lichem en syn ferstân te brûken, mar letter ek om mei emoasjes en oare minsken om te gean. Meastentiids giet dit op in hiel natuerlike wize, mar soms...

Kindercoaching

Gonzo opfiedcoaching


Alden en bern binne net te skieden. Alden hawwe ferwachtings fan en oer harren bern. Hja hoopje dat it 'goeie' folwoeksenen wurde sille. Nei alle gedachten is positive oandacht jaan de belangrykste ûntwikkeltaak fan âlden. Dêrnjonken moatte hja soargje...

Opvoedcoaching

Ik leer leren


Leare is kompleks. Foar elts bern dat te meitsjen krijt mei learen, is it bot nedich om te witten hoe't hy leare moat. De 'Ik leer leren' training is in spesjaal ûntwikkele program foar bern, dy't makliker, tûker en effisjinter leare wolle...

Ik leer leren