Home

Gonzo bernecoaching


In bern moat in hiel soad leare foardat er folwoeksen is. Hy moat leare om syn lichem en syn ferstân te brûken, mar letter ek om mei emoasjes en oare minsken om te gean. Meastentiids giet dit op in hiel natuerlike wize, mar soms wol it in skoftsje wat minder goed.

As jo der dan mei jo bern net útkomme en bêst wol even wat help brûke kinne, dan kinne jo in berop dwaan op Gonzo bernecoaching.

Jo kinne my ynskeakelje by problemen op it gebiet fan:

• Lichaamlik funksjonearjen
As jo bern min yt, min sliept of pine hat, wylst dêr op gjin inkele manier in lichaamlike oarsaak foar oan te wizen is;

• Gedrach
As jo bern drok of ûnrêstich is, him bot mei oaren bemuoit of slim bretaal is, faak rûzje hat of makket, peste wurdt of sels pestet, der min oer kin as dingen oars ferrinne as dat er tocht hie, ferfelende gewoantes ûntwikkele hat, problemen hat mei jo oanpak as âlder(s) of lêst ûnderfynt fan ADD, ADHD of PDD-NOS;

• Emoasjes
As jo bern faak lilk of agressyf is of der krekt in soad muoite mei hat syn lilkens te uterjen, faak hiel fertrietich is of syn fertriet krekt hiel min sjen litte kin, faak bang of jaloersk is, te min selsfertrouwen hat of lêst hat fan 'faalangst', 'hooggevoeligheid' of depressiviteit;

• Relaasjes
As jo bern muoite hat mei sosjale spulregels, min freonen meitsje en hâlde kin, gjin oansluting fielt mei de bern út syn skoalgroep of min gearwurkje kin mei oaren;

• Learproblemen
As jo bern him mar min konsintrearje kin, gjin motivaasje sjen lit, net mei nocht nei skoalle ta giet, it min docht op skoalle wylst er 'hoogbegaafd' is, syn hûswurk net planne en organisearje kin, swierrichheden mei ien spesifyk fak hat of lêst ûnderfynt fan dysleksy of dyskalkuly;

• Ferwurkingsproblemen
As jo bern der muoite mei hat om in skieding fan syn âlden of in sykte of ferlies fan in dierber persoan te ferwurkjen.

Home

Der giet fansels in hiele hoop wól goed en troch dat út te finen en ta te passen op it probleem, kinne wy mei mekoar besykje in oplossing te finen foar dizze faze fan it libben. Wy meitsje in aksjeplan dêr't jo fuortendaliks mei jo bern mei oan it wurk kinne. It probleem hoecht dan net mear sa belangryk te bliuwen.

Telefoonnummer Mail Locatie